Home Nieuws Fryske tinkplakken

Fryske tinkplakken
Ein 2009 hat de provinsje Fryslân ôfspraken makke mei it bestjoer fan de Friezetsjerke yn Rome oer provinsjale stipe. Yn 2008 krige de tsjerke al € 25.000,- en no is it doel om jierliks fan 2010 - 2014 € 10.000,- oan de tsjerke te jaan. Foar de PvdA-fraksje is it de fraach at we hjirmei net presedinten skeppe.
Fandęr dat wy no űndersteande fragen stelle.

 
  1. Fynt Deputearre Steaten it, sjoen de skieding dy’t der tusken tsjerke en steat is, passend om by de oerwagings om jild te jaan oan de Friezetsjerke te neamen ‘dat de oecumenische invulling haar erg aanspreekt’?
  1. Deputearre Steaten seit dat de Friezetsjerke ‘van een unieke cultuur-historische betekenis is’, mar jildt dat dan eknet net foar folgjende Fryske ‘lieux de memoire’?

-          De Opstalsbeam by Aurich

-          De stien mei in rune-ynskrift yn de Kyrkogarden yn Sigtuna (Sweden) dęr’t yn it Aldsweetsk op stiet dat dy stien dęr oprjochte is troch de gildebruorren fan de Friezen.

-          De Mennokate yn Oldesloe dęr’t Menno Simons yn 1561 stoarn is. Yn dizze ‘kate’ siet

-          ek syn printerij en de linebeam dy’t der foar stiet soe Menno Simons plante hawwe.

-          It lisplak fan de Hegemer ielfiskers oan de Towerbridge yn Londen (oant 1939). Soe dit tinkplak net markeard wurde moatte?
  1. As ek fan oare Fryske tinkplakken bűten Fryslân sein wurde kin dat se fan in unike kultuer-histoaryske betsjutting binne, fynt Deputearre Steaten dan dat de provinsje Fryslân in ferantwurdlikheid hat foar it ynstân hâlden dizze tinkplakken? En kin dat ynhâlde dat DS foarstelt om in subsydszje te jaan?
  1. Wol Deputearre Steaten in ynventarisaasje fan Fryske ‘lieux de memoire’ om utens jaan?
 
Op de foto de Mennokate waar Menno Simons tot zijn dood (1561) heeft gewoond. www.mennokate.de
Reacties ()Gryt van Duinen
29-01-2010