
| Gedeputeerden | | Anita foar Fryslân; 1957 -2008 |
Op Op 3 desimber is ús deputearre Anita Andriesen ferstoarn. Anita wie in dreaun en beflein politika mei in waarm hert foar Fryslân en syn bewenners. Se hold har dwaande mei romtlike oardering, plattelânsbelied, natuer- en lânskipsbelied, wenjen en duorsume űntjouwing.
Yn 2003 krige Anita foar it earst te meitsjen mei boarstkanker. Nei de behanneling like alles űnder kontrôle te węzen. Mar de sykte blykt yn 2007 útsiedde te węzen nei de lever en mooglik ek nei har heup. Opnij folgje gemokueren. Anita wurket sa lang mooglik troch, dat is har wize om har tsjin de sykte te fersetten. Inkelde wiken lyn waard se opnaam yn it Anthoni van Leeuwenhoek Sikehűs yn Amsterdam. Doe’t se dęr neat mear foar har dwaan koenen, kaam se it ôfrűne wykein nei hűs yn Aldsyl.
Har jeugd
Anita wie de âldste fan fiif famkes. Se waard berne yn 1957 groeide op yn Sint Anne, dęr ’t har heit rjappelboer wie. De húshâlding wie griffermeard en Anita wie ek tsjerklik aktyf. Yn lettere jierren hat se vise-foarsitter fan de griffermearde tsjerke yn Sint Anne west.
Anita koe goed leare, mar krijt fan de basisskoalle in HAVO-advys. Har heit naam har doe mei nei Ljouwert om te sjen at se ek nei it Atheneum koe, dat slagge ek en yn 1975 helle se it eineksamen.
Sytse
Al frij flot krijt Anita ferkearing mei Sytse Keizer en Sytse is in ‘readenien’. At Sytse foar syn stúdzje nei Delft giet, geane de beide nei Den Haach ta te wenjen. Anita komt dęr te wurkjen as siktaresse by it kabinet fan de Ried fan Steate. Njonken har baan begjint se oan in rjochtenstúdzje. Yn 1984 ferhúzje Sytse en Anita wer werom nei Fryslân en wurdt Anita siktaris fan de Waddenadviesraad (WAR) yn Ljouwert. Anita en Sytse hawwe trije bern: Remco, Anne Peter en Friso.
de PvdA
It kontakt mei de polityk komt yn 1990, Anita wurdt aktyf yn de Partij van de Arbeid op it Bilt. Earst as bestjoerslid en letter as foarsitter. By de Steateferkiezings fan 1995 is Anita de heechste nijkommer op nűmer 3. Se makket dúdlik dat har spearpunten wurkgelegenheid en en plattelânsbelied węze sille. Sân jier lang is se steatelid. As deputearre Sicko Heldoorn yn 2002 boargemaster fan Opsterlân wurdt, folget Anita him op. Dit giet net samar, de fraksje moat in kar meitsje tusken fraksjefoarsitter Gea van Dyk en Anita. Anita wurdt it, Gea van Dyk stapt teloarsteld út de fraksje. Anita is fertrietlik oer de gong fan saken.
ferkiezings
Yn 2003 is Anita foar it earst listlűker by de steateferkiezings, fan moarns ier oant jűns let fiert se kampanje. De Partij van de Arbeid docht it yn Fryslân goed en krijt 15 sitten. It tema ‘goed wurk’ spruts oan. De PvdA skoort yn Fryslân better as yn d
e rest fan Nederlân.
Foar Anita is de romtlike oardering fan de provinsje in belangryk punt. By it streekplan wol se soargje foar ferantwurde nijbou by doarpen, gjin opdringerige lintbebouwing lâns sneldiken en net rűnom űneachlike bedriuwsterreinen. It plattelân moat wer syn eigen maat krije. Der is grut ferset by de VVD en it CDA. Anita beleit ynspraak- en oerlisbyienkomsten. Se wit har eigen fizy op de takomst fan Fryslân te befrisseljen mei hűnderten mieningen yn de fergadersealtsjes. Foar dy wize fan wurkjen krijt se in soad wurdearring.
stride
De asylsikersproblematyk rekket Anita. As de befolking fan Flylân him keart tsjin de komst fan asylsikers wurdt se emoasjoneel. Se seit net fakânsje hâlde te wollen op in plak dęr’t asylsikers net wolkom binne. En as dat net feroaret sil se net wer te kampearjen gean op dit eilân.
Ek foar it aaisykjen rint se har it fjoer út ‘e sloffen. Dizze moaie Fryske tradysje moat bestean bliuwe. Neffens ‘Faunabescherming’ mei de Europese Commissie it aaisykjen net tastean, want aaien fan wylde fűgels meie allinnich op lytse skaal en foar wittenskiplik űndersyk meinaam wurde. En opite mei alhelendal net. Anita wint de striid en it aaisykjen kin trochgean. It levert har de gouden ljip op. Se bliuwt har fűleindich ynsetten foar de beskerming fan de greidefűgels. Spitich dat no de lęste berjochten wer binne dat de provinsje it aaisykjen ten űnrjochte tastien hat.
it Bilts
Anita fielde wat de taal en eigen kultuer foar minsken betsjutte. En dan gie it har net allinnich om it Frysk, mar ek om de streektalen. Doe’t it Bilt yn 2005 500 jier bestie, makke se bekind dat se in jier lang it Bilts brűke soe, yn de steaten, de media, rűnom dęr’t it koe. As Biltker koe se de taal fan hűs út. Se makke dęrmei dúdlik dat alle talen like wichtich binne foar minsken. It wie in erkenning foar dizze streektaal. Trouwens ek op oare mominten at se net daliks fan doel wie om Bilts te brűken, smiet se der wolris even in pear Biltse wurden tuskentroch om kleur te jaan oan wat se sei.
Yn datselde jier krijt Anita ek de Fryske parsepriis. Yn it sjueryrapport stiet: ‘Se is benaderber, rjocht-troch-see en earlik. Respekt twingt se ôf troch de ‘drive’ węrmei ’t se har wurk docht. Datselde respekt fertsjinnet se foar de iepen wize węrmei’t se mei har sykte, boarstkanker, nei bűten kaam’.
meiďnoar
Anita woe gjin tom-tom hawwe, de reden wie dat se dan it kontakt mei de minsken kwyt wie. As je it paad fregen, koenen je even in praatsje meitsje mei jan-en-alleman. Sa hie se de moaiste kontakten en fertelde dęr letter ek oer. Se genoat fan de minsken om har hinne en foar dy minsken die se har wurk.
Sa stie se in kear foar it stopljocht te wachtsjen doe’t yn de auto neist har in pear âldere manlju mei petten op - it moat yn de aaisikerstiid west hawwe - freonlik nei har swaaiden. Dúdlik tefreden oer de ynspannings dy’t Anita levere om dizze tradysje yn stân te hâlden. Anita pakte it gouden ljipke dat om har hals hong en hold dat om nei de manlju ta omheech. Dęr kamen gjin wurden oan te pas.
At se yn Frjentsjer by it keatsen is, komt se in jonge keatser tsjin dy’t gjin ferfier nei hűs hat. No stap mar yn, seit Anita en se bringt him nei it doarp yn de greidhoeke dęr’t er wei komt. As de jonge thús fertelt dat Anita Andriesen him thúsbrocht hat, wurdt er troch syn heit net leaud, mar letter komt dy der achter dat it wier wie. Om soks koe Anita dan wer hertlik laitsje. Har reade autootsje mei it Bildtse roasy wie opfallen.
de dream
Op d
e 1 maaie fiering fan 2006 presintearret Anita har dream foar Fryslân. De dream spilet him ôf yn 2028. De soasjale kontakten moatte dan noch yntakt węze; it praten, lęzen en skriuwen fan it Frysk is gewoan; Friezen binne kultureel aktyf; it frijwilligerswurk krijt stipe; it űnderwiis is op alle nivo’s goed; Wetsus en Cartesius wurde útboud en der komt in Fryske universiteit foar minderheidstalen.
Anita har dream is de basis fan it ferkiezingsprogramma fan 2007.
Anita foar Fryslân
Op de seedyk by Swarte Hoarne presintearre Anita foarich jier mei ferve har 10-punte plan foar de ferkiezings. Mei stipe fan operasjonger Albert Bonnema en akkordeonnist Herman Peanstra makket se der mei har humoristyske opmerkings in prachtige jűn fan.
Mei faasje fiert se kampanje. En se komt mei har Anita foar Fryslân-list. Yn grutte advertinsjes yn de deiblęden litte minsken út ferskate rűnten witte dat se achter Anita steane. Tal fan bekinde Friezen űndertekenje de advertinsje, bygelyks Rinze Westra, Henk Kroes, Peter Karstkarel, Els van der Laan, Thom Mercuur, Ids Postma en Piter Wilkens. Ek de eardere VVD-foaroanman Louis Lyklema kiest har kant. Syn partij is der net bliid mei mar Lyklema jout gjin krimp.
űnferjitlik
Wy binne der grutsk op dat Anita ús polityk lieder wie. Se is űnferjitlik, űnferfangber, as politika en as mins. Us tinzen binne by Sytse en de jonges en Anita’s mem.
It is ús winsk en plicht om yn de geast fan Anita troch te wurkjen oan har dream fan Fryslân: in lân dęr’t it goed wenjen, wurkjen en libjen is, meiďnoar en foar elkoar.
De PvdA- Steatefraksje
3 desimber 2008

