Statenleden Aafke Postma


 

Aafke is Steatelid sűnt maaie 2003.
Har deistich wurk is by in wenningkorporaasje yn Snits as teamlider technysk team. Dęrneist is se aktyf foar de belęstingservice fan FNV en foar de Landelijke Kadergroep Vrouwen fan FNV Bouw.

Wat komt in je op als je aan Fryslân denkt?

Fryslân: it beste lân fan ierde!

Fryslân hat in hiel soad te bieden. Ast allinne al sjochst nei it ôfwikseljend lânskip. It wetter yn de Súdwesthoeke, it sműke fan de Fryske Wâlden. It Waad, de Iselmarkust, de eilannen.

Ik bin ek grutsk op it eigenwize fan de Friezen. It grutte ferskaat oan Fryske kultuer, fan lang lyn en fan no. Ús nifeljen en wrotten om der mear fan te meitsjen. Sjoch mar ris nei hoe’t wy op in kreative manier der altyd mear fan witte te meitsjen.

Welke van je persoonlijke kwaliteiten heeft de meeste waarde voor provincie Fryslân?

Troch kritysk en eigenwiis te węzen en net alles foar kundskip oan te nimmen. Der komme hieltyd mear adviseurs en we moatte der om tinke dat hja ek net alles witte. It binne krekt de minsken yn Fryslân dęr’t it om giet en dy’t goed witte wat der spilet. Dęr moatte wy like goed nei lústerje!

Waar kunnen we jou vinden wanneer je niet op het provinciehuis bent?

Op de wurkdagen bin ik gauris te finen yn Snits, dęr’t ik as teamleider wurkje by in wentekorporaasje. Ik hâld my űnder oaren dwaande mei planmjittich en grut űnderhâld oan de wennings. It moaie fan dat wurk is dat it net allinne oer technyk giet – de keunst is krekt om goed nei de bewenners te harkjen. Dan kin men mear dwaan as allinne technysk űnderhâld. Krekt dan kin de wenning oanpast wurde oan de winsken fan de bewenners sadat hja der mei mear nocht wenje kinne.

It wichtichste fan it politike wurk fyn ik perfoarst net alle gearkomsten op it Provinsjehűs. Krekt de wurkbesites en it harkjen nei de minsken út it fjild binne wichtich. As it even kin gean ik dan ek graach yn petear mei dy saakkundigen.

Yn myn frije tiid gean ik der graach op út – yn de wykeinen benammen yn Fryslân, mei myn fototastel. Oan it op ‘n paad węzen, it kuierjen en it fotografearjen fan al dat moais yn Fryslân haw ik in soad aardichheid.

As ik wat langer frij fan wurk en polityk bin, gean ik der graach op út mei ús “volkscamper”, in ta in kampearbuske omboude VW-bus. Dan besykje we oare lannen en kultueren. Dat binne ek de perioaden dat ik der oan ta kom in boek te lęzen.

Sűnt maart 2007 bin ik mem fan in prachtige soan, Aaltzen. Fanselssprekkend bring ik ek hiel wat tiid mei him troch! 
 

Aafke by Ny Bosma Zathe