
| Wetterskip | | Remco Admiraal |
De wetterskipswrâld kin ik aardich goed om’t ik wurke haw by de Feriening fan’e wetterskippen (Unie van waterschappen). In goed en finansjeel ferantwurde wetterbehear is tige wichtich foar Nederlân en Fryslân. Feiligens, skjin wetter mar ek droege fuotten: it wetter fertsjinnet in eigen bestjoer mei har eigen finansjele middels.
Fan 2003 oant 2007 haw ik yn’e provinsjale Steaten sitten. Ik wie dęr finansjele wurdfierder en ek ponghâlder foar it bestjoer fan ‘e fraksjestifting. Yn myn frije tiid hâld ik fan it sjen nij it fuotbaljen fan ús bern (ik bin lider fan it tiem fan myn soan), tennis en âlde films. Fierders bin ik lid fan it bestjoer fan de skoalle fan myn dochter.

